Sirenes dogge it wer; se binne op ôfstân goed set

14 mrt 2018 - 10:56

De sirenes dy't it oardel wike lyn by de moanlikse test net dienen, dogge it allegearre wer. Dat meldt de Feilichheidsregio. It loftalarm wie net ôfgien troch in probleem mei de stroom. Dat soarget derfoar dat de klokken net mear lyk rinne. Op ôfstân binne de klokken yn de sirenepeallen wer goed set. It achterlizzende probleem is noch net ferholpen.

Om foar te kommen dat de sirenes it aanst wer net dogge, sil de Feilichheidsregio it systeem ekstra teste. Twa kear yn de wike is der in stille test.

(advertinsje)