Nominaasje foar Omrop Fryslân by NL Awards

14 mrt 2018 - 12:00

Omrop Fryslân is yn de kategory 'Beste radioprogramma' nominearre foar in NL Award. De NL Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. De prizen wurde útrikt op woansdei 4 april op it NL Media Event. 

De nominaasje is foar de útstjoering oer it Waadrinnen, dy't diel útmakke fan in rige 'Ferhalen fan it Waad' fan it programma Buro de Vries. Yn de rige geane de programmamakkers op syk nei de leafde foar it Waad. It natuergebiet rekket elkenien, mar wêrom, hoe en wannear? Antwurd op dy fragen fine sy yn persoanlike petearen en troch sels te ûnderfinen wat der te belibjen falt op it Waad.

Wurdearring foar âlderwetsk radiomeitsjen

Programmamakker Geartsje de Vries is tige bliid mei de nominaasje: "Ik fyn dit echt in wurdearring foar it âlderwetske radiomeitsjen. Ik sis altyd tsjin minsken: 'Doch dyn eagen mar ticht en lit dyn eigen fantasy gean.' Ik fyn it wichtich om byldzjend radio te meitsjen en dat is wat wy mei dizze searje ek echt dien hawwe. Mei de reportaazje oer it waadrinnen haw ik fan it begjin oant de ein ferteld wat ik die en seach. Dit is in hiele moaie wurdearring foar ús hiele team."

De NL Awards binne in inisjatyf fan Stichting RPO, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen.

(advertinsje)