FIDEO: Miranda yn de soarch: ferpleechkundige by GGZ

14 mrt 2018 - 13:28

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Ferslachjouwer Miranda Werkman seach woansdei by Martje Yntema, ferpleechkundich spesjalist GGZ yn it nije ACT-team. Dat is in nij team mei dêryn de GGZ, dakleazeopfang Zienn en Verslavingszorg Noord Nederland. Har wurk is letterlik de strjitte op en minsken help oanbiede.

"Ik help de minsken dy't op strjitte libje mei de problemen dy't se ha en dêr't se net út komme. Dat kinne psychyske problemen wêze, of dat se ferslave binne of fêstrûn binne yn regels en protokollen. We geane oeral hinne, dêr't wêr't de minsken binne. Oerdeis komme se by ús, foar kofje of in tosty. Ek meie se hjir legaal drugs brûke." Se hat mei in grut ferskaat oan minsken kontakt, lykas mei de wykagint. "Dat gearwurkjen mei allerhanne minsken hâldt it dynamysk. Ik sit net de hiele dei op kantoar, mar bin der lekker op út. Ik wit noait hoe't myn dei rint." Se hat wol heftige dingen meimakke. "Ik bin in kear gizele en stalkt. Dat gebeurt. Kollega's binne wolris bedrige mei in wapen. Op strjitte binne ek kriminelen, mar dy minsken moatte ek in plak ha. Har sicht op de wrâld is oars as dy fan my, dat makket it moai."

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)