Kollum: "Grutsk"

14 mrt 2018 - 07:48

"Ik skrok moandei fan deputearre Michiel Schrier dy’t yn it Polytburo sei dat it nedich is dat de befolking fan Ternaard him ôfset tsjin gaswinning. Dêrnei soe de provinsje dat dan pas ûnderstreekje kinne. As je dat sizze, dan ha je my yn ’e gerdinen.

As de provinsje Fryslân seit dat dy idioate sitewaasje fan de Ofslútdyk daliks dien wêze moat, en dat kin net mei in kuolkastje, dan moat je ek soargje dat moarn dy hiele noch folle idioatere sitewaasje yn De Lemmer foarby is. Mar dat seit de provinsje net. Trochbûkelje oant de simmer. Dan it wurk in pear moanne stil. Dan sjoch we wer fierder.

Kom no, fan de ôfslach A6 oant Sondel is it dizze simmer in ûnmooglike sitewaasje. Heal ôfmakke rûnwegen, in weareld oan giele buorden en read-wite pealtsjes. De krusingen lizze der al in jier út, Lemsters moat noch in jier omfytse. Fierderop is de rûnwei net breder, mar smeller makke. Allegear gekloat by de ôfslach slûs. Nei Sondel ta moat der wer nij asfalt yn. Der komme no al ûngelokken op de stikjes glêd beton dy’t se der yn De Lemmer tusken prutst ha. En kom my net oan mei dat ferlechje dat der tefolle triedden yn in krusing sitte. Dat kin net wier wêze. It hat altiten sa west dat je se dan gewoan trochsnije en nije triedden pakke. Duorret miskien in dei langer. Net twa jier. De Lemmer krijt wer in rotsimmer.

It Frysk Museum krige in hege wrâldûnderskieding foar de moaie útstalling oer Alma Tadema. It is suver moai dat we hjir no Belgen ha dy’t ús kultureel opfiede. Museumdirekteur Kris Callens sei nammentlik dat hy grutsk wie. Dat wie moai. Wy wiene it ek. En doe soe ik in ferhaal begjinne oer dat deputearre Sietske Poepjes, deselde dy’t oer de Lemster dyk giet, dit nije wike fertale moat yn in museumbeliedsplan. Sadat al dy musea yn Fryslân wat mear sicht krije op de no wat twivelriedige takomst nei it kulturele jier. Net inkeld it Frysk Museum, mar alle. We binne dêr grutsk op, mar fertale dat net yn jild.

Mar der kaam ik net iens oan ta, ik stroffele oer dat grutsk. In oare deputearre, Jehannes Kramer, drukte nammentlik in giel plaatsje op in fiktyf ljippenêst. Sabeare, want der lei in broedsje yn en dy binne der noch net. Op dat plaatsje stie “grutsk op ús greidefûgel”. Dat plaatsje moat de aaien beskermje tsjin de jarreliedingen fan de boeren, dy’t stront oer of yn de greide kwakke, sadat der gjin mich, mar dus ek gjin fûgel mear is. As we dêr grutsk op binne, moatte we Callens fertelle dat hy tenei better in oar wurd brûke kin.

Boppedat, dyselde Kramer hat tastimming jûn dat stienmurden om Aldeboarn hinne deamakke wurde meie. De fûgelkriten fan Smelle Ie, Idzegea en Warkum hiene dat ek frege, mar dêr sei ûndersyk dat dêr ek wol oare bisten binne dy’t fûgeltsjes frette. Se jouwe dus ta dat dy stienmurd ljipkes fret, mar dêr wêr’t oare bisten it ek dogge mei de murd net deamakke wurde. Bist dêr no grutsk op Jehannes?

En dan kin ik noch wol efkes trochgean. Feangreidegebiet. Seis opposysjepartijen yn de Steaten sizze no dat it wetter dêr omheech moat. Foar alles better, sizze ûndersikers. Mar boeren fine it neat, dus wolle CDA en VVD it ek net. Kolleezjepartij SP hat gjin ferstân fan grûn, mar de FNP moat no mei dy seis oare partijen meistimme. En oars fuortrinne út it kolleezje. It programma fan de FNP, dêr binne se o sa grutsk op, seit it dúdlik. Dus sko moarn by de opposysje oan.

Boppedat, jim moatte as Steaten al gau teset oer de saneamde omgevingsfisy. Der sit ek kwaliteitsbesef yn. Ik fyn Pieter Stellingwerf in leave man, ha der wolris grutsk op west. Mar hy set no syn nije hûs op ’e kop, de daknaal ûnder. Guon lju fine it wer ris wat oars, mar dit soarte fratsen passe net yn it Fryske lânskip dêr’t we grutsk op binne en dêr’t Pieter wolris moaie ferhalen oer makke hat. En no Fryslân oanklaaie mei dy oer de kop waaide huzen. Wol immen mei foldwaande macht hjoed sizze dat Pieter syn hûs wer oarsom stean moat. Oars moatte we al ús grutskens wer ynleverje."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)