Aksjegroepen tsjin Lelystad Airport ferienigje harren

13 mrt 2018 - 22:31

Tsjinstanners fan de leechfleanrûtes by Lelystad Airport út seis provinsjes hawwe harren ferienige yn ien grutte aksjegroep. De Samenwerkende Actiegroepen Tegen Laagvliegen (SATL) bestiet út allegear lokale bewennersorganisaasjes. SATL hat as doel dat Lelystad Airport pas iepen mei as alle leechfleanrûtes fan tafel binne en der feilige, oerlêstfrije fleanrûtes ûntwikkele binne. Hjirby moatte minsken, sûnens en leefmiljeu de heechste prioriteit hawwe. De ferskate lokale aksjegroepen kinne yn koepelferbân SATL ienfâldiger doelen ôfstimme, ideeën en kennis útwikselje en in grutter blok foarmje. Der wurdt moanliks gearkommen.

Earder besleat minister Van Nieuwenhuizen al dat de iepening fan Lelystad Airport mei in jier útsteld wurdt. It fleanfjild moat no yn 2020 iepenje, earst foar 10.000 fleanbewegingen en nei de weryndieling fan it loftrom úteinlik 45.000 fleanbewegingen.

(advertinsje)