Twa jier sel easke foar gizeling

13 mrt 2018 - 21:55

Tsjin in 37-jierrige Ljouwerter is tiisdei twa jier finzenisstraf easke foar it gizeljen fan syn freondinne en it stellen fan in auto. De fertochte siet foarich jier yn in tsjûgebeskermingsprogramma om't er bedrige waard troch leden fan motorklup No Surrender. Om't er it te gefaarlik fûn foar syn freondinne yn Ljouwert, pikte er mei geweld in auto, ried nei syn freondinne en twong har hurdhannich yn te stappen om har mei te nimmen.

It Iepenbier Ministearje sjocht dit as frijheidsberôving. De man waard net lang dêrnei oppakt nei't tsjûgen de gizeling seagen. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
gizeling No Surrender
(advertinsje)