Provinsje stipet Waadhoeke om Biltsk taalbelied te meitsjen

13 mrt 2018 - 22:22

De provinsje jout de gemeente Waadhoeke ynhâldlike en finansjele stipe om in taalbelied op te stellen, foar it Frysk en it Biltsk. Dat is it antwurd fan de provinsje op in moasje fan de FNP foar de erkenning fan it Biltsk as streektaal. Ek wol de provinsje it Biltsk in goed plak jaan yn it ûnderwiisbelied. Yn de ôfrûne jierren is mei stipe fan de provinsje al in ferskaat oan Biltsk (les)materiaal ûntwikkele foar yn de foarskoalske perioade en it primêr ûnderwiis.

Bysûndere posysje

Om de posysje fan it Biltsk te fersterken is yn desimber 2017 in bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied tekene tusken it Ryk, provinsje en de nije gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslan en Waadhoeke. Yn de oerienkomst wurdt beneamd dat it Biltsk in bysûndere posysje ynnimt yn it talelânskip en is oerienkommen dat Waadhoeke ynset op meartaligens, werûnder it Biltsk.

Petysje foar erkenning

Earder is besocht it Biltsk erkend te krijen yn it Europeesk Hânfest foar regionale talen. Dat fersyk hat de minister ôfwiisd om't it Biltsk net as aparte taal sjoen wurdt, mar as mingfariëteit fan de kultuertalen Nederlânsk en Frysk. Nei oanlieding fan dy ôfwizing is yn febrewaris ferline jier in petysje oanbean oan leden fan de Earste en Twadde Keamer, mei mear as 1.300 hantekens. De petysje gie oer de noed fan de posysje fan it Biltsk yn de nije fúzjegemeente Waadhoeke. De Twadde en Earste Keamer ha neat mei de petysje dien en en net de erkenning fan it Biltsk regele.

(advertinsje)