Langere reistiid trein Bûtenpost-Hurdegaryp troch oanriding

13 mrt 2018 - 20:53

Treinreizgers tusken Bûtenpost en Hurdegaryp moatte tiisdeitejûn rekken hâlde mei in langere reistiid. Troch in oanriding mei in persoan is dêr op it stuit gjin treinferkear mooglik. Ferfierder Arriva set bussen yn op dat trajekt. It is noch net wis hoe lang't de fertraging duorje sil.

(advertinsje)