Gefaarlike ynhelaksje op Dumpert: ûntslach en rydbewiis kwyt

13 mrt 2018 - 20:31

In 33-jierrige frachtweinsjauffeur út Drachten is oanhâlden nei oanlieding fan in filmke op de webside Dumpert. Yn it filmke is te sjen hoe't er trekker foarby wol en dêrby in gefaarlike ynhelaksje makket op in smel dykje, wylst der in tsjinlizzer oankomt. De fertochte is tiisdei heard troch de plysje en syn rydbewiis is ôfnaam. Njonken in proses-ferbaal moat er in kursus feilich riden folgje.

De sjauffeur is ûntslein troch it transportbedriuw dêr't er foar wurke, nei't syn wurkjouwer it filmke sjoen hie.

Klik op it plaatsje om de fideo ôf te spyljen.


 

(advertinsje)