Cambuur wol spilersbudzjet op nivo hâlde

© awfoto
SC Cambuur hopet folgjend seizoen mei itselde spilersbudzjet te wurkjen as dit seizoen. De klup is al drok dwaande mei takom jier, om't der in soad ôfrinnende kontrakten binne. It kontrakt fan Matthew Steenvoorden is freed as earste ferlinge. Hy hie in opsje yn syn kontrakt dat de klup licht hat. Ek Jesse Bertrams, Jurjan Mannes, Darren Rosheuvel en oanfierder Robbert Schilder hawwe in opsje yn it kontrakt, dy't Cambuur iensidich lichte kin. Oer harren is neffens technysk manager Foeke Booy noch gjin beslút naam. Dêrfoar is net in soad tiid mear, want dat kin oant 1 april.
Fan 27 nei 22
Fierder binne der noch acht oare kontrakten dy't ôfrinne, bygelyks fan basisspilers as Martijn Barto, Erik Cummins en Jordy van Deelen. Allinne wat dy lêste oanbelanget kin Booy mear fertelle. "We zijn met Van Deelen in gesprek over verlenging van zijn contract." De technyske stêf sil de kommende tiid yn oerlis mei de spilers dêr't it kontrakt fan ôfrint. Wis is wol dat de Ljouwerters takom seizoen in lytsere spilersgroep hawwe. Fan 27 spilers no nei 22 nei dit seizoen. Booy: "We willen minder kwantiteit en meer kwaliteit. Het plaatje voor volgend seizoen is helder. We hopen het spelersbudget zoveel mogelijk intact te houden."
De kommende tiid sil ek mear dúdlikheid komme oer de takomst fan keeperstrainer René Ponk en beloftetrainer Dennis van der Ree. Ek harren ferbyntenis rint ôf.