GrienLinks wol aksjeplan om húsdoktertekoart oan te pakken

13 mrt 2018 - 19:43

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat der aksje ûndernaam wurdt tsjin it húsdoktertekoart yn Fryslân. Yn it telefyzjeprogramma Radar wie moandeitejûn omtinken foar it grutte húsdoktertekoart yn Fryslân. Yn de stêd Ljouwert is dit sa grut, dat de measte praktiken in pasjintestop hawwe. Fraksjefoarsitter Retze van der Honing sprekt fan in krisissituaasje, dy't sa gau as mooglik oplost wurde moat. Hy freget de provinsje dêrom om opheldering.

Fraksjefoarsitter Retze van der Honing: "Dat der in húsdoktertekoart is yn ús provinsje is net nij, spitigernôch. Mar it wurdt hieltyd slimmer. Guon húsdokters kinne amper mei pensjoen om't der gjin opfolgers binne. Der is planút sprake fan in krisissituaasje en dat kin sa net langer. De haadferantwurdlikheid leit hjiryn net by de provinsje, mar by de soarchfersekerders en de gemeenten. De provinsje hat lykwols yn septimber tasein ek mei in aksjeplan te kommen en wy wolle witte hoe't it dêrmei is. It is wichtich sa gau mooglik aksje te ûndernimmen."

(advertinsje)