Sponsor reedrydteam fynt Ireen Wüst te âld

13 mrt 2018 - 19:34

Ireen Wüst is teloarsteld yn har sponsor Justlease. It bedriuw tinkt der oer om dochs troch te gean as sponsor yn it reedriden, mar Wüst hat te hearren krigen dat foar har gjin plak mear is yn it team. Har coach Rutger Tijssen fertelde Wüst it nijs foarige wike, twa dagen foar de start fan it WK allround yn Amsterdam.

Wüst: "Er gingen geruchten over de sponsor en toen heb ik gevraagd hoe het zat,'' seit Wüst yn het NOS Sportjournaal. "Rutger zei dat ik te oud was. Dat was een behoorlijke teleurstelling. Iedereen kan een andere visie hebben, maar ik ben vooral teleurgesteld in de manier waarop." Ireen Wüst is 31 jier.

Yn oktober foarich jier makke Justlease bekend nei dit seizoen op te hâlden as sponsor. Mar dy plannen lykje feroare te wêzen. Wüst rjochte har team trije jier lyn op. "Het was mijn project en voelde als mijn kindje. Dat het zo eindigt is heel jammer." De súksesfolste Nederlânske Olympiër ea sil har no beriede op har takomst. "Ik wil sowieso twee jaar door. Ik ben nog supergemotiveerd."

(advertinsje)