Conference of the Birds: grut spektakel by Griene Stjer

13 mrt 2018 - 19:09
  • Conference of the Birds
  • Conference of the Birds, it dekôr
  • Sytze Pruiksma
  • Stikje muzyk

Tûzen muzikanten sille mei dûnsers en akteurs it Kulturele Haadstêd-evenemint Conference of the Birds útfiere. Dat fynt fan it simmer plak yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert op in 80 meter grut poadium yn de foarm fan in fûgelnêst. It ferhaal is basearre op in Perzysk gedicht, wêryn't in groep fûgels op syk giet nei in lieder. Uteinlik komme se der achter dat se sels de kening fan har libben binne. Dêrneist giet it oer fûgels en korpsen mei as oerienkomst dat der hieltyd minder fan komme.

Inisjator is komponist Sytze Pruiksma, dy't mei Conference of the Birds fierder bout op Birds & Brass, foarstellingen fan korpsen dy't opfierd binne foar folle sealen. No sille ûnder oaren hafabrakorpsen, it Noord Nederlands Toneel en Club Guy en Roni meidwaan.

De presintaasje fan Conference of the Birds wie tiisdei yn Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert.

(advertinsje)