Langer selsstannich wenje troch help Ondersteuning aan Huis

'Ondersteuning aan Huis' biedt kliïnten stipe op allerhanne mêd. Yn it ramt fan de wike fan de soarch hienen se tiisdei in iepen dei. "We biede minsken begelieding sadat se langer selsstannich wenjen bliuwe kinne," fertelt Jetske Draaisma fan Wil, de deibesteging op It Hearenfean. Se wurkje mei sân minsken op kantoar en ha plak yn it multyfunksjonele sintrum. "Op tiisdeis ha we in kookclub foar ferstanlik beheinden. Mei elkoar meitsje we hapkes as in cake of pankoeken." Alle dagen fytse de meiwurkers har rûte troch It Fean. "Guon minsken bringe we alle dagen in besite en by oaren komme we mar ien kear yn de wike, krekt wat mar nedich is," leit Janneke Stelma út. Der binne 55 kliïnten. De helptsjinst hat gjin tekoart oan minsken, mar fernimt wol dat der minder tiid oerbliuwt foar de kliïnten om't se ek tiid kwyt binne mei it rapportearjen.
Under de minsken
Twa kliïnten binne by de iepen dei om hapkes te meitsjen. "Ik vind het belangrijk dat de mensen van de ondersteuning er zijn. Ik heb soms wel hulp nodig en dan hoef ik niet altijd een beroep te doen op mijn ouders. Ze helpen me in het huishouden of met de post en soms is het ook gewoon een praatje," fertelt ien. In oar hat op de itensiedersklup leard om pankoeken te bakken. "Laatst heb ik het thuis ook gemaakt en dat is gelukt." Se komt graach op de klup om't se dan ûnder de minsken is.
Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.
Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.