Jachthaven Grou mei útwreidzje, santich ekstra lisplakken

© ANP
De jachthaven Leechlân fan Grou mei útwreidzje. As it oan Deputearre Steaten leit, moat der romte komme foar santich ekstra lisplakken. Op it stuit herberget de jachthaven tachtich skippen. Hoewol't de 'Verordening Romte' útwreiding net tastiet, wol Deputearre Steaten hjir dochs ûntheffing foar.
Reden is dat de jachthaven oan de steande mêstrûte leit en dat rekreative ûntwikkelingen yn de wettersport dan foar de hân lizze.