Undersyk nei ûnderwiis Frysk

13 mrt 2018 - 17:32

Underwiissaakkundigen sille yn opdracht fan de provinsje Fryslân ûndersyk dwaan nei it ûnderwiis Frysk. De ôfrûne twa jier hat de provinsje fan alle fiifhûndert skoallen yn kaart brocht hoe't de lessen Frysk jûn wurde. 

Neffens deputearre Poepjes bestiet der wol in algemien gefoel oer it ûnderwiis yn de Fryske taal. Dat soe hieltyd minder wurde, mar der binne gjin hurde feiten. Mei dit ûndersyk moatte dy der wol komme.

Trefwurden: 
NHL Stenden Frysk ûnderwiis
(advertinsje)