Seis projekten krije jild út it kânsfûns fan de provinsje

13 mrt 2018 - 17:18

Seis projekten krije jild út it saneamde kânsfûns fan de provinsje. Deputearre Schrier hat tiisdei bekend makke hokker projekten dat binne en hoefolle jild se krije. It kânsfûns is in subsydzjeregeling foar kânsearmen. Tink oan minsken mei in beheining, statushâlders en minsken mei psychyske problemen. It projekt Goede Gieren krijt de heechste bydrage: sa'n 226.000 euro.

Goede Gieren is in koöperaasje dy't derfoar soargje wol dat minsken net yn de skuldhelpferliening komme. It doel is dat sa'n fiifhûndert húshâldingen dêrfan profitearje kinne. It projekt De Wurkerij krijt ek in hege bydrage: 190.000 euro. De Wurkerij is opset troch Stichting Zienn. Jongeren tusken de 17 en 23 jier dy't it sosjaal dreech ha, krije yn dit projekt tritich oeren yn 'e wike deibesteging, yn de foarm fan wurk.

(advertinsje)