Underhâld en beammekap by de Grutte Wielen

It Fryske Gea fiert grut ûnderhâld út by de Grutte Wielen. Om ferskillende bisten wat mear de romte te jaan, gean in soad beammen yn de omjouwing tsjin de flakte. Fûgels lykas guozzen, einen en skriezen kinne eins net sûnder it grutte, flakke en wetterrike gebiet.
Dêrneist is it foar beskerme bisten, lykas it bûnte reidhintsje en de wrotmûs essinsjeel om yn in iepen gebiet te libjen. De wurksumheden binne no in wike oan 'e gong en sille oer twa dagen klear wêze. Dan begjint nammentlik it briedseizoen foar de fûgels.