Te drok mei nij album: Thomas Azier seit festival WTTV ôf

13 mrt 2018 - 16:40

Thomas Azier komt dochs net op it festival Welcome to the Village yn Ljouwert. De yn Nijeberkearp opgroeide artyst hat it de kommende tiid te drok mei syn nije album en byhearrende show. De organisaasje fan Welcome to the Village fynt it spitich dat Azier ôfsein hat. Azier sels hopet takom jier wol op it festival te spyljen.

Thomas Azier skriuwt yn in ferklearring op de webside fan Welcome to the Village dat er it tige spitich fynt dat er der net by wêze kin: "Vooral ook omdat ik in Friesland ben opgegroeid en ik ontzettend veel zin had om het festival opnieuw te beleven vind ik het heel erg dat ik de komende show op WTTV-festival moet afzeggen. Ik zit op het moment in een hele radicale nieuwe album fase en daar hoort ook een nieuwe show bij. Ik wil alleen het beste laten zien, zoals ik daar ook met ROUGE naar heb gestreefd, en daar heb ik nog wat tijd voor nodig."

Welcome to the Village is fan 19 oant en mei 22 july yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert.

(advertinsje)