Hamstra: ''Wy hawwe al in list mei opfolgers''

13 mrt 2018 - 16:03

Sportklup Hearrenfean hat al in 'longlist' klear mei dêrop de nammen fan opfolgers foar trainer Jurgen Streppel. Dat seit technysk manager Gerry Hamstra fan de earedifyzjeklup. Hamstra wol ynhâldlik net reagearje op nammen fan mooglike nije trainers. Jurgen Streppel moat nei twa seizoenen fuort, sa die tiisdeitemoarn bliken. Syn kontrakt wurdt net ferlinge.

Muoisum houlik

Dêrmei komt in ein oan in muoisum houlik. Yn it jier 2017 prestearre Hearrenfean tige middelmatich en ek no stiet de klup yn de middenmoat fan de kompetysje. Technysk manager Gerry Hamstra krige wol ferlinging fan syn kontrakt. Syn tsjinstferbân waard iepenbrutsen en mei ien jier ferlinge oant 2020. Hamstra is sûnt 2016 yn funksje by de klup.

(advertinsje)