"Seehûne-opfangsintra moatte folle minder bisten opnimme"

13 mrt 2018 - 15:36

It giet sa goed mei de seehûn dat opfangsintra folle minder bisten opnimme moatte soene. Opfang kin sels negatyf útpakke, bygelyks as seehûnejongen skieden wurde fan de mem, of dat de populaasje sa trochgroeit dat der te min fretten is. Dat seit de Wetenschappelijke Adviescommissie Zeehondenopvang yn in advys oan minister Schouten fan Natuer.

Tsjin it maksimum

De kommisje seit dat de seehûnepopulaasje tsjin in maksimum oan sit en dat der folle minder bisten opfongen wurde moatte as no. Strâne seehûnen meie no opfongen wurde as se twa oeren allinne west ha. Neffens de kommisje moat dat 24 oeren wurde. Ek moatte der seehûnewachters komme. Dat binne trainde professionals dy't as iennigen beslisse meie oft in seehûn nei in opfangsintrum moat of net.

De fiif opfangsintra yn Nederlân hawwe al sein dat se graach belutsen wurde wolle by it ynfieren fan de advizen. Se hawwe in soad ûnderfining en se witte ek in hiel soad oer de stân fan de seehûnepopulaasje.

Trefwurden: 
seehûn opfang ûndersyk
(advertinsje)