FIDEO: Miranda yn de soarch: handicaptesoarch

13 mrt 2018 - 14:45

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Ferslachjouwer Miranda Werkman seach tiisdei yn Sint-Nyk. Dêr wurket Anne Koning by Stichting Maeykehiem. Anne die hiel wat oars, hy wurke yn in winkel. "Ik hie myn nocht, it gie mear en mear om sifers en produksje."  No hat er in soad nocht yn Sint-Nyk. Hy wurket as begelieder yn de dei-opfang en deibesteging. De bewenners hawwe it nivo fan in 2- of 3-jierrige. Hy fertelt iepen en earlik oer syn wurk yn de soarch. "Learst dysels wol kennen. In kear wie in bewenner hiel lilk en doe waard ik benaud. Ik hie net tocht dat ik bang wêze soe op myn wurk. No bin ik yn sokke sitewaasjes kalm en wit ik wat ik dwaan moat." By de deibesteging sit ek in lytse bernebuorkerij, hy is dêrom in soad bûten. "It is krekt in húshâlding, we ite mei elkoar, sjogge gesellich telefyzje en dogge sa no en dan ris in útstapke."

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)