Drugsynfallen yn Drachten, seis persoanen oanhâlden

13 mrt 2018 - 14:09

De plysje hat tiisdei by in grutte aksje yn Drachten seis persoanen oanhâlden foar de produksje fan en hannel yn himp. By ynfallen op meardere plakken yn Drachten en omkriten binne himpkwekerijen ûntdutsen. De plysje docht ûndersyk yn gebouwen oan de Lijsterstrjitte, Schwartzenbergleane, de Boeg en de Boargemaster Wuitewei.

Der binne auto's, in bus en in motor yn beslach naam. Op guon plakken binne spesjale drugshûnen ynset. Der binne ek wapens oantroffen by de ynfallen. Njonken in masinegewear binne noch trije oare fjoerwapens yn beslach nommen. Ek is in bedrach fan 80.000 euro oan kontanten ynnommen.

Trefwurden: 
plysje drugs Drachten
(advertinsje)