Lytse basisskoallen krije der mear jild by

13 mrt 2018 - 14:04

Basisskoallen mei minder as 145 learlingen krije der mear jild by. De skoallen krije de ekstra stipe om sluting foar te kommen. It kabinet jout no 120 miljoen euro út oan ûngefear twatûzen skoallen troch hiel Nederlân, mar dêr komt takom jier noch 20 miljoen euro by. Minister Slob fan Underwiis fynt dat bern ticht by skoalle wenje kinne moatte. "Ieder kind heeft recht op goed onderwijs, of het nu op een kleine of grote school zit", seit hy.

Jild foar ekstra minsken

Roel Krijnen is bestjoerder fan ûnderwiiskoepel Odyssee. Under dizze koepel falle trije basisskoallen mei minder as 145 learlingen. It giet om de Epemaskoalle yn Ysbrechtum, Raerderhiem yn Raerd en Middelstein yn Mullum. "Kleine scholen moeten het met minder mensen doen", fertelt Krijnen. "Een extra kracht zou een voorbeeld kunnen zijn waar geld naartoe kan gaan.'' Ek is Krijnen bliid dat der wer praat wurde kin oer de takomst fan lytse skoallen. "Financien mogen niet de reden zijn om kleine scholen te sluiten", seit Krijnen.

Itselde wurk

Lytse skoallen hawwe it dreech omdat der minder personiel en jild is om itselde wurk te dwaan as op in grutte skoalle. Om lytse skoallen te helpen, is der in taslach foar lytse skoallen yn it libben roppen, mar it foarige kabinet woe dêr yn 2014 eigentlik fan ôf. Nei ferset fan de skoallen en fan in tal politike partijen bleau de taslach dochs noch. Minister Slob leit de klam op it belang fan lytse skoallen foar de leefberens yn in doarp of stêd. "Als de school vertrekt, vertrekken vaak ook jonge gezinnen."

(advertinsje)