Opskuor oer bleatbylden is net goed foar de sauna's

Direkteur Eric Humme fan sauna Leeuwerikhoeve yn Burgum baalt der fan hoe't de brânsj de lêste dagen yn it nijs kaam is. Bylden fan bleate gasten, dy't makke binne troch hackte of stikem pleatste kamera's, en letter op it ynternet bedarje, dogge de brânsj gjin goed. By Leeuwerikhoeve ha se gjin fêste kamera's en der is strang tafersjoch op it brûken fan mobile telefoans. Dat is ferbean om't der mei de telefoans filmkes en foto's makke wurde kinne. Yn Burgum binne de regels al strang, mar se sille der tenei noch better op tasjen, seit Humme.