Wurkstraf easke tsjin Langwarder (61) om fjoerwurkbom

13 mrt 2018 - 12:41

Tsjin in 61-jierrige Langwarder is tiisdeitemoarn twahûndert oeren wurkstraf easke, om't er yn de simmer fan 2015 in fjoerwurkbom tusken stappers smiten hawwe soe. De man ûntkent noch hieltyd, mar neffens tsjûgen hat er wol deeglik mei fjoerwurk smiten. It soe gean om twa ynsidinten: yn de buert fan de wenning fan de fertochte en by in hoarekasaak oan de Buorren yn Langwar. In trijetal tsjûgen seach dat de man wat fuortsmiet.

Ien fan de minsken út it groepke dêr't de bom by ûntploffe, hat bliuwende gehoarskea oprûn. Hy easket goed 18.000 euro fan de fertochte. In oar slachtoffer wol ek sa'n 5.000 euro fan de man hawwe. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Langwar rjochtbank fjoerwurk
(advertinsje)