Ferbining fan Holwert nei It Amelân moat rap better

13 mrt 2018 - 12:11

Op koarte termyn moat in strukturele oplossing komme foar it soal (fargeul) tusken It Amelân en Holwert. It ministearje fan Infrastructuur en Waterstaat krijt ynkoarten in brief mei dy strekking fan de gemeente It Amelân. De gemeenteried naam moandeitejûn unanym in moasje oan dat de fargeul 'langdurig en adequaat' op djipte en breedte hâlden wurde moat.

De fearferbining stiet al jierrenlang negatyf yn it nijs fanwege fertragingen troch de minne steat fan it farwetter.

(advertinsje)