Jurgen Streppel nei dit seizoen fuort by SC Hearrenfean

Jurgen Streppel giet oan de ein fan dit seizoen fuort by Sportklup Hearrenfean. It kontrakt fan de trainer rint ôf en wurdt net ferlinge. Streppel folge yn 2016 Foppe de Haan op as oefenmaster fan Hearrenfean. Dêrfoar trainde er fiif seizoenen lang Willem II út Tilburg.
De spilersgroep waard tiisdeitemoarn foar de training ynljochte troch de kluplieding. Technysk manager Gerry Hamstra bliuwt langer by de klup. Syn kontrakt is mei ien jier ferlinge oant de simmer fan 2020.