Opsjes foar Parnas djoer

01 nov 2011 - 21:23

Alle trije senario's om ta in oare opset fan it kultuerûnderwiis yn Ljouwert te kommen kostje de stêd in soad jild. De kosten farieare fan 2 ton by de goedkeapste ta 8 ton by de djoerste.

Ljouwert slút it keunstesintrum Parnas om te besunigjen en ferspriedt de teater-, dûns- en muzyklessen oer de wiken. De gemeenteried joech wethâlder Diks de opdracht om út te rekkenjen wat oare opsjes kostje. Twa fan de senario's komme fan Parnas sels.

(advertinsje)