Moasje foar fangrail by kanalen Achtkarspelen

13 mrt 2018 - 11:11

De FNP-fraksje yn Achtkarspelen sil kommende tongersdei in moasje yntsjinje oer in fangrail dy't lâns it Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal komme moat. De fraksje frege earder ek al omtinken foar in fangrail lâns de dyk tusken Strobos en Súdhorn. Oanlieding binne meardere ûngelokken, wêrby't auto's yn it wetter bedarren.

It ôfrûne wykein wie it krekt oer de grins yn Grinslân wer raak en bedarre in auto yn it wetter. Der rekke dizze kear net ien ferwûne, mar de fraksje neamt de situaasje libbensgefaarlik. It werombringen fan de maksimumsnelheid en it plan om treppen by de wâl te meitsjen, binne neffens de partij net foldwaande.

Trefwurden: 
FNP Achtkarspelen fangrail
(advertinsje)