Eksperimint slagge: tenei lesride fan 16,5 jier ôf

13 mrt 2018 - 10:21

Lang om let is der dizze wike in wet oannommen wêrmei't jongerein ûnder de 18 jier al lesride mei. It eksperimint 2toDrive rûn al twa jier en is no omset ta in echte wet. De jongeren meie tenei mei 16,5 jier al begjinne mei lesriden en op harren 17e libbensjier kinne se dan it rydbewiis helje. Oant se 18 jier binne, moatte dizze jongeren wol ride ûnder begelieding fan in persoan dy't al mear as fiif jier it rydbewiis hat.

2toDrive wie it eksperimint wêrmei't jongeren fan 17 jier al efter it autostjoer krûpe mochten om les te riden, mar nei twa jier hold dy proef yn oktober foarich jier op.

Trefwurden: 
2toDrive jongerein rydbewiis
(advertinsje)