Fakbûn treinmasinisten hat ferfierders ultimatum steld

13 mrt 2018 - 09:32

It fakbûn foar treinmasinisten VVMC hat ferfierders Arriva en Keolis in ultimatum steld, nei't it earder al it foarstel foar in nije cao ôfwiisd hie. De direksjes ha no oant freedtemiddei 12 oere de tiid om mei in nei útstel te kommen. Neffens it fakbûn soarget it foarstel fan de wurkjouwers sels foar twaspjalt ûnder de meiwurkers, om't guon masinisten en stewards net meinommen binne. As de ferfierbedriuwen net foar freed reagearje, dan slút it fakbûn aksjes ûnder de meiwurkers net út.

Trefwurden: 
Arriva Keolis CAO fakbûn
(advertinsje)