'Ternaard foar de Wyn' hat twivels oer omjouwingsproses

13 mrt 2018 - 08:33

It is noch net dúdlik oft Ternaard in saneamd 'omjouwingsproses' krijt yn ferbân mei de oanfraach fan de NAM om dêr gas te winnen. Dat waard moandeitejûn dúdlik op in grutte ynformaasjejûn oer dat saneamde 'omjouwingsproses' yn de Dokkumer iisherberch.

In omjouwingsproses is in nije wurkwize dy't de belangen fan de streek better regelje moat as de âlde ynspraakproseduere. Op basis fan ynterviews mei sechstjin Ternaarders en ferskate maatskiplike organisaasjes tinkt in troch de oerheid ynhierd buro dat der wol draachflak is foar sa'n omjouwingsproses, mar de Ternaarder aksjegroep 'Ternaard foar de Wyn' hat grutte twivels. De aksjegroep fynt 16 ynterviews in fierstente lyts oantal om sa'n konklúzje te lûken en tinkt der oer nei om no om sels in enkête yn it doarp en omjouwing te hâlden.

Neffens boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel biedt in omjouwingsproses mear mooglikheden om op te kommen foar de belangen fan de streek en om goede ôfspraken te meitsjen oer it fergoedzjen fan skea troch gaswinning. Mar it beslút om - as earste gemeente - mei sa'n omjouwingsproses te begjinnen is noch net nommen. De oerheden sitte noch hieltyd yn de 'ferkennende faze', sa seit de boargemaster. Ein dizze moanne is der - as ûnderdiel fan dy ferkenning - in diskusjejûn oer 'nut en needsaak' fan it winnen fan it gas by Ternaard.

De Waadferiening en Miljeudefinsje namen earder al it beslút om net mei te dwaan oan dit saneamde omjouwingsproses. Neffens miljeudefinsje giet it om skynynspraak. Miljeudefinsje is allinnich foar in omjouwingsproses as dat folslein loskeppele wurdt fan mooglike gaswinning.

Trefwurden: 
Ternaard gaswinning NAM
(advertinsje)