Kollum: "Swije is mei skuldich wêze"

13 mrt 2018 - 07:20

"Foarige wike tongersdei wie it Ynternasjonale Frouljusdei. Yn it ramt dêrfan hie debatsintrum De Balie yn Amsterdam Zineb El Rhazoui útnûge. Zineb El Rhazoui is de frou dy’t de oanslach op Charlie Hebdo oerlibbe, om de simpele reden dat se op dat stuit op fakânsje yn Marokko wie.

Yn har jonge jierren focht El Rhazoui al tsjin de Marokkaanske oerheid as de oprjochtster fan in minskerjochtebeweging. Dêrnei ferhuze de sjoernaliste en aktiviste nei Parys, om as islamspesjaliste op de redaksje fan it satiryske blêd Charlie Hebdo oan ’e slach te gean. El Rhazoui spruts har al hiel betiid út oer wat sy de ‘fassistyske islam’ neamde en it ûnderdrukken fan froulju. Yn in reportaazje fan Nieuwsuur wiene âlde bylden fan El Rhazoui te sjen, wêrby’t se op de redaksje fan Charlie Hebdo ompanderet. Se stiet by it rút en sjocht tafallich hoe’t in salafist sûnder problemen foarby de bewaking komt. ‘It buske is leech,’ seit se. ‘Wêr is de plysje? Hy kin hjir komme om him op te blazen.’ De rest fan de redaksje reagearret dêr lakonyk op. Se laitsje wat, meitsje grapkes. El Rhazoui sjocht yn de kamera, en seit: ‘It ynteressearret se net. Aanst hearre wy in eksploazje.’ In pear moannen letter folget de oanslach wêrby’t sa goed as de folsleine redaksje ôfslachte wurdt.

Zineb El Rhazoui, en ek in frou as Hirsi Ali, binne helden fan dizze tiid. Moderne striders dy’t fjochtsje tsjin ûnrjocht, ûnderdrukking en religieus fassisme. Froulju dy’t gjin blêd foar de mûle nimme, en sadwaande harren libben net wis binne. Dy’t stean foar it frije wurd en de frijheid fan froulju. Sa’n moedige hâlding hat konsekwinsjes. Ien dêrfan is dat se alle dagen befeiliging nedich ha. Lykwols wegere de Nederlânske regearing de Frânske befeiligers fan El Rhazoui de tagong ta Nederlân, om ûndúdlike redenen. Yn stee fan as Westerske demokrasy in sinjaal ôf te jaan dat wy de ferdigeners fan wurd en wearde beskermje, ferklearje wy se fûgelfrij. Dizze frou, dy’t hjir op útnûging komt, in slachtpartij oerlibbe hat en sûnt gjin dei mear feilich is, wurdt troch ús regearing net serieus nommen.

Ien en oar hie ta gefolch dat De Balie sels mar bewaking regele hat, en dat de Amsterdamske plysje in eachje yn ’t seil hâlde. In slim beskamsume sitewaasje. It hat derfan dat de regearing net woe dat El Rhazoui hjir kaam. Ut leffens? Bang om in stânpunt yn te nimmen yn it debat oer islamisme? Of hat it folk de regearing dy’t it fertsjinnet, om’t wy mei ús allen te bang binne om ús út te sprekken, bang dat ús wat oandien wurdt, bang ek foar wat oaren fan ús sizze sille?

Sa seit Zineb El Rhazoui: ‘Ik wol prate tsjin elkenien dy’t him stil hâldt. Minsken dy’t foar in frije maatskippij binne en foar gelikensens tusken manlju en froulju. In maatskippij dêr’t echt bruorskip tusken minsken bestiet. Troch jim stil te hâlden bringe jim oaren dy’t wol prate yn gefaar.’ En net allinne dat, heakje ik dêr oan ta. Want soms is swije itselde as mei skuldich wêze oan ûnrjocht."

(advertinsje)