Trainer René Hake fan Cambuur: "Tefreden mei resultaat"

13 mrt 2018 - 06:28

By SC Cambuur wiene se wol bliid mei it iene punt dat moandeitejûn helle waard yn de útwedstriid tsjin Jong PSV. De thúsploech wie yn it begjin better, seach ek trainer René Hake. "In het begjin was PSV beter, maar door een betere veldbezetting konden we later gemakkelijker naar voren spelen. In zijn totaliteit is 1-1 een goed resultaat."

Doelpuntemakker Ricardo Kip wie it mei syn trainer iens. "We mogen blij zijn met een punt. In deze fase zijn alle punten hard nodig om de play-offs te halen."

SC Cambuur hat no 38 punten út 29 wedstriden. De Ljouwerters stean dêrmei op it trettjinde plak. Freedtejûn komt koprinner NEC út Nijmegen op besite yn Ljouwert.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)