Amelanner ried wol ferbod op loslitten ballonnen

Ballon (yn dit gefal op Flylân) © Dirk Bruin
De gemeenteried fan It Amelân hat moandeitejûn unanym besletten om in ferbod yn te fieren op it op- en loslitten fan ballonnen op it eilân. De ried wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de Algemiene Pleatslike Feroardering oanpast. Sa moat foarkommen wurde dat de ballonnen as swalkôffal foar oerlêst soargje op it eilân of yn it seewetter.