Ljouwert krijt bierfestival yn septimber

12 mrt 2018 - 22:19

Spesjaalbierkafee De Markies en popsintrum Neushoorn yn Ljouwert organisearje op 22 septimber dit jier in bierfestival. Op it Mata Hariplein tsjinoer skouboarch De Harmonie presintearje 13 brouwerijen mear as 100 spesjaalbieren.

Brouwerijen dy't oan it festival meidogge binne De Moersleutel, Oedipus, Grutte Pier, 't Uiltje, De Kromme Haring, BrewDog, Stanislaus Brewskovitch, HopTop Brewery, BE+ER, Kleine Beer, Stone, Het BrouwDOK en Jopen.

(advertinsje)