SC Cambuur pakt punt mei 1-1 lyk spul tsjin Jong PSV

12 mrt 2018 - 22:03

SC Cambuur hat moandeitejûn yn Eindhoven mei 1-1 lyk spile tsjin Jong PSV. Even like it derop dat de thúsploech de iepeningstreffer makke yn de 21e minút, mar it doelpunt fan Albert Gudmundsson waard ôfkard, omdat ploechgenoat Sam Lammers bûtenspul stie.

Acht minuten letter slagge it Cody Gakpo fan Jong PSV wol. Yn de 29e minút sette hy de 1-0 op it skoareboerd. Lang duorre dy foarsprong lykwols net, want 5 minuten letter makke Ricardo Kip de lykmakker foar Cambuur (1-1).

Yn de twadde helte slaggen beide ploegen der net mear yn om te skoaren. De slotfaze wie noch even spannend mei in frije traap foar de Eindhovenaren en in giele kaart foar Sai van Wermeskerken.

Troch it lyk spul nimt Cambuur in puntsje mei werom nei Ljouwert.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)