Bewenners Feansterhiem wiken oan hûs bûn troch stikkene lift

Bewenners fan Feansterhiem yn Surhústerfean kinne al twa wiken net óf dreech nei bûten ta, om't de iennichste lift yn it gebou stikken is. Der is wol in trep yn it gebou mei 35 apparteminten, mar it grutste part fan de bewenners op de boppeferdjippingen is te âld of fysyk beheind, om dy feilich te brûken. Stichting Wenningbou Achtkarspelen, dy't eigener is fan Feansterhiem, is op de hichte fan it probleem fan in stikkene printplaat.
De lift soe it ôfrûne wykein reparearre wêze moatte, mar dy planning is wer in oantal dagen útsteld. Underwylst wurde de bewenners hieltyd grimmitiger, om't se oan hûs bûn binne. "Ik wenje hjir al 15 jier en it is net de earste kear dat de lift stikken is. Dizze kear duorret it allinnich wol hiel lang", fertelt ien fan de bewensters. Om de bewenners temjitte te kommen, hat de wenningbou moarns en middeis in boadskippeservice. Ek wurde minsken de trep op of by del holpen.