"Gasboarringen by Ternaard te kearen troch pleatslik ferset"

12 mrt 2018 - 19:56

Der moat ferset út de streek komme, allinnich dan geane de gasboarringen by Ternaard net troch. Dat sei deputearre Michiel Schrier moandeitejûn yn It Polytburo. De NAM wol by Ternaard en ûnder de Waadsee nei gas boarje. De provinsje, de gemeente Dongeradiel, de streek- en natuerorganisaasjes binne dêr poer op tsjin, mar úteinlik sil it Ryk hjir in beslút oer nimme.

Krúsjaal is it draachflak. As dat der net is, soenen de gasboarringen wolris fan de baan wêze kinne, sa sei Schrier.

(advertinsje)