Noardlike fúzje by helporganisaasje MEE

12 mrt 2018 - 18:11

Helporganisaasje MEE Friesland sil yntinsiver gearwurkje mei kollega-organisaasje MEE Groningen. Beide ôfdielingen fusearje op bestjoerlik nivo ûnder de namme MEE Noord. De gearwurking moat der foar soargje dat de organisaasje der kwalitatyf op foarút giet en effisjinter wurket.

De helporganisaasje stipet minsken mei in beheining, sadat se harsels rêde kinne en meidraaie kinne yn de maatskippij.

Trefwurden: 
MEE helporganisaasje Fúzje
(advertinsje)