Frou út Ljouwert krijt wurkstraf foar help oan ynbrekkers

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In âld-ynwenster fan Ljouwert hat twahûndert oeren wurkstraf krigen, omdat se twa ynbrekkers holpen hat. Sy hat se nei de adressen riden, dêr't de twa ynbrutsen ha, yn Burgum en Jelsum. De frou hie in relaasje mei ien fan de twa ynbrekkers.
De ynbrekkers binne ferline jier al feroardiele, ta finzenisstraffen fan trije en twa jier. De frou ûntkende earst dat se by de saak belutsen wie, mar út plysje-ûndersyk hat bliken dien dat se wol meiwurke hat. By de ynbraken waard in soad djoer guod stellen, lykas jild, sieraden, kompjûters, telefyzjes en in klûs.