Ynformaasjejûn oer wach wêze op online kriminaliteit

13 mrt 2018 - 06:44

It bedriuwslibben moat alerter wêze op online kriminaliteit. Om mear omtinken te freegjen foar cybercrime organisearret it Ljouwerter bedriuwsferiening De Zwette tiisdei dêrom in ynformaasjejûn oer dat tema. Yn gearwurking mei studinten fan ROC Friese Poort fertelle ferskate professionals oer de gefaren, dy't der online op 'e loer lizze.

Oanwêzigen krije net allinnich tips oer hoe't se har op technysk gebiet better beskermje kinne, mar ek tips oer hoe't se har eigen online gedrach, op it wurk én thús, feroarje kinne.

(advertinsje)