Tûzen fakatueres yn soarch: "De nood is hoog"

12 mrt 2018 - 17:02

Wurkje yn de soarch is net hiel populêr. De wurkdruk is heech, it is lichaamlik swier wurk en somtiden ek mentaal swier. "Het imago van de zorg is gedateerd, mensen hebben vaak nog het klassieke beeld van billenwassen en mensen in bed leggen. Met deze week willen we zoveel mogelijk mensen kennis laten maken met de zorg. Dat het zoveel meer is en dat het ook veel breder is, er komt bijvoorbeeld ook een stuk techniek bij kijken," fertelt Ida Grasdijk, direkteur fan ZorgpleinNoord.

Minsken yn de soarch ha it drok. Troch de hege wurkdruk hat it personiel te min tiid foar de bewenners yn fersoargingshûzen. Dat is it byld fan men fan de soarch hat. De need is heech. "Deze maand hebben we duizend vacatures in de zorg in de drie noordelijke provincies. We hebben onmiddelijk mensen nodig."

Se besykje minsken te ferlieden om yn de soarch te wurkjen. "Mogelijk willen mensen meer werken of willen mensen die al zijn gestopt weer werken, maar die moeten dan wel worden bijgeschoold." Nei ôfrin fan de wike fan de soarch hopet se dat minsken gau wurk fine. "Alliade had vorige week speeddates. Van de 75 mensen die ze hebben gezien, zijn er 18 aangenomen."

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)