Jong SC Hearrenfean pakt 1-0 winst tsjin Jong NAC Breda

Jong SC Hearrenfean hat moandeitemiddei mei 1-0 wûn fan Jong NAC Breda. By rêst stie it noch 0-0, mar yn de 71e minút wist Jizz Hornkamp nei in foarset fan Nemanja Mihajlovic de 1-0 tsjin it net te koppen. SC Hearrenfean is op it stuit koprinner by de beloften.
De wedstriid op It Hearrenfean waard yn de 83e minút stopset fanwege tonger. Nei in lytse tsien minuten koene de spilers wer fierder.