Toerismebeurs yn Berlyn: soad oanfragen Ljouwert en Fryslân

Ek nei't Kulturele Haadstêd ôfrûn is, witte de reisorganisaasjes Ljouwert en Fryslân noch goed te finen. Sa die bliken op in grutte toerismebeurs yn Berlyn ôfrûne wike. Marketingsorganisaasje Merk Fryslân wie op de beurs. Mear as hûndert toeroperators biede Ljouwert en Fryslân op it stuit as bestimming oan. Foaral yn Dútslân, mar ek yn België en Nederlân. En der wurdt mar raak boekt. "Ik wit fan in hotel dat se oan ien toeroperator 1250 keamers ferkocht hawwe'', fertelt Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân.
Toerisme bliuwt
Yn dit kulturele jier is der fansels fan alles te belibjen. De grutte útdaging is om ek néi 2018 mear toeristen nei de provinsje te heljen. It foarútsjoch is posityf, tinkt Cnossen. "Yn 2019 is der ek noch fan alles te dwaan, lykas it nije besikerssintrum by de Ofslútdyk en it Woudagemaal. Fierder komt it Fries Museum takom jier mei in tentoanstelling oer Rembrandt en Saskia.'' Wat ek posityf is foar Ljouwert en Fryslân is dat plakken as Amsterdam hielendal fol rinne. "In soad minsken wolle net nei dizze drokte ta en sykje nei plakken dy't noch net massaal ûntdutsen binne.''
Ynfosintrum
Reizgers en oanbieders fan reizen kinne mei fragen terjochte by de saneamde Hospitality Desk. Se krije it hjir hieltyd drokker, fernimt Bram Kruijt fan dit ynfopunt. It binne net allinnich fakânsjegongers en saaklike toeristen, mar ek bûtenlânske oerheden dy't oanklopje foar fragen. "Zo komen er verschillende delegaties uit Scandinavië die meer willen weten over hoe de mienskipsprojecten tot stand zijn gekomen.'' De measte fragen geane oer akkommodaasjes. "Maar ook over geschikte plekken om te eten voor grote groepen.'' De grutste groep dy't kontakt socht, wie in groep fan mar leafst tûzen man út Grinslân wei.