Wopke de Vegt wiis mei goud op Paralympyske Spelen

12 mrt 2018 - 15:06

"It is foar de ploech goed," seit âld-reedrydcoach Wopke de Vegt. De technyske direkteur sport fan NOC*NSF is bliid mei de trije medaljes dy't moandei wûn binne by de Paralympyske Spelen yn Pyeongchang. Bibian Mentel wûn it goud by de snowboardcross. Sulver wie der foar Lisa Bunschoten en by de manlju foar Chris Vos.

De Vegt wie by de start fan Mentel en wie ek de earste dy't har nei de winst yn de finale opfong. Fiere dogge se de medaljes noch net. De dagen yn Súd-Koreä binne lang en drok. "Fiere dogge we as we klear binne de 19de," seit Wopke de Vegt. De kommende dagen steane foar de Nederlânske sporters noch fjouwer wedstriden op it programma. De Vegt hopet der noch in pear medaljes by skriuwe te kinnen.

(advertinsje)