Klachten oer glêde betonplaten by Lemster rûnwei

Bestjoerders op de N359 tusken De Lemmer en Balk hawwe lêst fan glêde betonplaten. Dy binne troch de provinsje dellein as tydlike rydbaan om't oan de dyk wurke wurdt. In grutte frachtwein mei molke rekke snein fan de dyk. De Frânske ferfierder wie ûnderweis nei it molkepoeierfabryk yn Sleat.
Neffens frachtweinsjauffeur Richard de Boer kleie in soad sjauffeurs oer de glêde betonplaten. Sjauffeurs hawwe der neffens him benammen lêst fan by min waar. Ek soe de 100 meter lange rydstrook fierstente smel wêze. De provinsje nimt foarearst gjin maatregels. Der wurdt sjoen nei de mooglikheid om ekstra buorden te pleatsen. "Mar miskien wurdt ek wol gewoan te hurd riden," seit wurdfierder Gerrit Hofstra. Der steane al buorden dy't oanjouwe dat troch de wurksumheden mar maksimaal 30 kilometer yn 'e oere tastien is.
Bussjauffeurs reagearje nuchter op de glêde betonplaten. "Je moatte gewoan net te hurd ride", seit Sjouke de Ruiter, sjauffeur by Qbuzz. Neffens Anke Steenstra wurde de sjauffeurs al warskôge foar de glêde betonplaten troch in sintraal systeem. "Dêrom wit ik dat ik hjir gewoan myn snelheid oanpasse moat."
Wurk rint út
Earder waard dúdlik dat it wurk oan de rûnwei fan De Lemmer folle langer duorret as pland. De wurksumheden moasten noch foar de simmer klear wêze, mar it wurdt ein dit jier. Dat komt ûnder oare troch it wiete waar en trochdat de oannimmer in soad kabels en liedingen yn de grûn oantrof, dy't yn it foar net bekend wiene.