Skries Amalia is hast werom yn Fryslân

Skries © Henk Bootsma
Skries Amalia komt hast Fryslân binnen. De fûgel is no boppe de Iselmar sinjalearre. Amalia is it boechbyld fan Kening fan de Greide, dat ûntstien is út noed foar it greidelânskip, it ferlies fan biodiversiteit en lânskipsferoaring.
Nei alle gedachten fljocht Amalia wer nei it lân fan de famylje Stremler by de Froonackerdyk by Easterlittens. Dêr briedt de fûgel al folle langer.