Twa Harleys geane ferlern by brân Surhústerfean

12 mrt 2018 - 13:48

Twa Harley Davidson motoaren binne moandei by in brân yn Surhústerfean ferlern gien. De brân wie yn in garaazje oan De Dellen. De eigener wie yn de hûs dwaande doe't foarbygongers him op de brân wiisden. De brânwacht wie gau op it plak oankaam en koe foarkomme dat de garaazje ek ôfbaarnde. Ien motor is folslein fernield, de twadde motor is flink beskeadige.

De twa motoaren stienen oan de oplader, mooglik wie dit de oarsaak fan de brân.

(advertinsje)